SC Hearrenfean bliuwt yn eigen hûs stekken op lykspul tsjin VVV

08 feb 2020 - 21:45

SC Hearrenfean hat sneontejûn in lykspul behelle tsjin VVV-Venlo. Yn eigen hûs waard it 1-1. Jonathan Opoku fan VVV en Sherel Floranus fan Hearrenfean makken de doelpunten.

Sherel Floranus nei syn doelpunt - Foto: www.orange-pictures.nl

It earste kânske fan de wedstriid wie al nei twa minuten foar Rodney Kongolo, mar syn skot gie neist de goal. Ek de twadde kâns kaam op namme fan in Hearrenfean-spiler. Ut in hoekskop fan Hicham Faik kopte Sven Botman yn de njoggende minút de bal nei de koarte hoeke, mar doelman Thorsten Kirschbaum wie attint en kearde de bal.

Direkt dêrnei wienen it de Limburgers dy't op foarsprong komme koene. Ut in frije traap fan Thomas Bruns kopte de Ingelskman Jerome Sinclair hurd neist it Fryske doel.

Grutste kâns foar Van Bergen

It duorre oant de 19e minút foardat der wer in kâns te notearjen foel. Middenfjilder Joey Veerman skeat fan de râne fan it strafskopsgebiet ôf, mar opnij wie it Kirschbaum dy't in doelpunt foarkaam. Ajax-hierling Botman wie nei in lyts heal oere foar de twadde kear ticht by in doelpunt. De 19-jierrige ferdigener skeat fan grutte ôfstân, mar de bal gie krekt neist de peal.

De aldergrutste kâns yn de earste helte wie foar Mitchell van Bergen. Hy krige de bal gelokkich foar de fuotten, mar each-yn-each mei Kirschbaum skeat hy hurd neist. Hearrenfean sette yn de slotfaze fan de earste helte noch bot oan. Veerman fjurre noch in skot ôf op Kirschbaum, mar wer wie de Dútser mei in skitterjende rêding in Fryske ynset de baas.

Bednarek kin de penalty fan Opoku net tsjinhâlde - Foto: www.orange-pictures.nl

De iepeningstreffer kaam úteinlik tsjin de ferhâlding yn net op namme fan in Hearrenfean-spiler. Nei in oertrêding fan ferdigener Ibrahim Dresevic mocht Jonathan Opoku fan de penaltystip oanlizze. Hy faalde net en dus kamen de Limboargers op foarsprong.

Hearrenfean gie dêrnei fansels fuort op syk nei de lykmakker. Under mear fia Dresevic, dy't nei in hoekskop de bal foar de fuotten krige. Hy helle út, mar syn ynset waard blokke. It duorre lykwols net lang foardat de 1-1 wol op it skoareboerd stie, want Sherel Floranus koe yn de 69e minút in foarset fan Van Bergen mei syn linkerfoet foarby Kirschbaum tikke.

Mitchell van Bergen yn de oanfal - Foto: www.orange-pictures.nl

Chidera Ejuke like trije minuten letter Hearrenfean sels op foarsprong te setten, mar hy seach syn skot op de peal telâne komme. Ek Floranus besocht it yn de 80e minút noch in kear, mar wer wie it Kirschbaum dy't de Friezen fan skoaren ôfhâlde.

Hearrenfean op syk nei de winst

Yn de 89e minút krige SC Hearrenfean fia Faik noch in grutte mooglikheid. De oanfierder skeat lykwols fia in Limboarchske foet krekt neist de goal. De alderlêste ynset kaam úteinlik fan de man dy al in goal makke hie. Floranus besocht it fan grutte ôfstân, mar syn ôfstânsskot waard troch Kirschbaum mei in knappe rêding ferwurke ta hoekskop. Dy korner levere neat mear op foar de thúsklup en dus bleau Hearrenfean stekke op 1-1.

Troch it lykspul stiet Hearrenfean op it tsiende plak yn de earedifyzje mei 29 punten út 22 wedstriden. Nûmer njoggen Heracles Almelo hat likefolle punten. It gat mei de pleatsen dy't rjocht jouwe op de play-offs foar Europees fuotbal is fiif punten.

SC Hearrenfean - VVV Venlo 1-1 (0-0) 57' Jonathan Opoku (penalty) 0-1; 69' Sherel Floranus 1-1.

Opstelling SC Hearrenfean: Bednarek; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Kongolo (64' Hajal), Faik, Veerman; Van Bergen, Odgaard (64' Espejord), Ejuke.

(advertinsje)
(advertinsje)