Kleurleas LDODK ferliest noardlike derby fan DOS'46

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn de noardlike derby fan DOS'46 ferlern. De Friezen spilen in kleurleas duel yn de Kuorbal League en ferlearen yn Nijeveen mei 24-18 fan DOS'46.
Noardlike derby; DOS'46 - LDODK kwoot
De thúsploech stie fan de earste minuten ôf op foarsprong. Der wie te gau balferlies foar LDODK yn de begjinfaze, wêrtroch't DOS útrinne koe nei 7-3. Oant it skoft bleau it spul itselde; DOS fûn ienfâldiger de koer, wylst de Friezen mei muoite doelpunten makken.

DOS'46 bliuwt skoaren

Yn de twadde helte bleau it ferskil grut. LDODK hie de 15-13 meitsje kinnen, mar knoeide. De tsjinstanners út Nijeveen rûnen dêrnei út nei 18-12. By LDODK woe it allegear net. Sa miste Friso Boode bygelyks noch in strafworp om it ferskil wat lytser te meitsjen.
Nei dik alve minuten yn de twadde helte hie LDODK noch altyd net skoard. Dat doelpunt kaam der efkes letter wol, mar it ferskil mei DOS'46 wie al fierstente grut: 20-13. Yn de slotfaze skoarde LDODK noch wol inkelde kearen, mar de oerwinning gie úteinlik mei 24-18 nei de thúsploech.

Middenmoat

Troch it ferlies fan LDODK sakket de ploech nei de middenmoat fan de Kuorbal League. Om de play-offs te heljen, moatte de Fryske kuorballers by de earste fjouwer einigje.
© LDODK.nl
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.