VC Snits slút reguliere kompetysje ôf mei oerwinning

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje wûn. Yn de Snitser Sporthal waard it tsjin Dros-Alterno 3-0.
VC Snits yn in eardere wedstriid © www.orange-pictures.nl
Yn de earste set kaam VC Snits net yn de problemen. De Fryske ploech stie fan it earste punt ôf foar en pakte de set úteinlik ienfâldich mei 25-17. Ek yn de twadde set sette Snits direkt goed útein. Dat resultearre al gau yn in 9-2 foarsprong. Dy foarsprong waard net mear út hannen jûn. De twadde set gie úteinlik mei 25-14 nei de Snitsers.
Yn de tredde set hie Snits it even dreech. De ploech kaam sels op in 2-7 efterstân, mar slagge der wol yn om dat wer om te bûgen ta 9-9. Dêrnei gie it lang lykop, mar op 24-23 benutten de Friezinnen direkt harren earste wedstriidpunt.

Play-offs

Troch de oerwinning giet VC Snits as nûmer fjouwer de play-offs om it lânskampioenskip yn. Yn dy play-offs stride se mei noch fiif oare ploegen yn in hiele kompetysje om de lânstitel.