FIDEO: De noardlike kuorbalderby tusken DOS'46 en LDODK

08 feb 2020 - 19:51

LDODK like sûnder soargen dwaande te wêzen mei it twadde part fan de kuorbalkompetysje, mar de Gordyksters moatte ynienen fol oan 'e bak. De beladen derby tsjin DOS'46 út Nijeveen gie sneontejûn mei romme sifers ferlern: 24-18. It duel wie dizze wike Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân en is hjirûnder nochris te besjen.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)