Sikehûstoer Haarlem is ideale match foar Finkegea

08 feb 2020 - 19:10

De kâns is grut dat de tsjerke fan Finkegea wer in toer krijt. Sûnt 2008 wurdt der al wurke oan it gebou, mar in nije toer wie oant no ta noch te djoer.

Foto: Omrop Fryslân

De tsjerke komt út 1899, en sit sûnt 1969 sûnder toer. Yn de ôfrûne jierren is der troch frijwilligers hurd wurke om de tsjerke te restaurearjen, en de winsk wie om ek dy toer werom te krijen. Mar de kosten foar dizze operaasje wiene te heech foar Finkegea; sa'n 40.000 euro.

Stompe toer

Yn 1969 makke de doe boufallige spitse toer plak foar in stompe fariant. Jild foar herstel wie der doetiids net. De punt is doe fan it gebou ôfhelle, en in sadeldak is derfoar werom kaam. Dat wie sa'n nuvere feroaring dat grapjassen buorden delsetten mei de plaknamme 'Stompe Toren'. Mar oan dy 'skande' liket no in ein te kommen.

Sikehûstoer

De toer dy't no mooglik op de tsjerke komt, leit no noch yn Velserbroek. In oannimmersbedriuw dêr hat noch in spitse fariant op it terrein lizzen. It giet om de toer fan it Katolike Manlju's sikehûs yn Haarlem. Trochdat de toer yn goeie steat is, skeelt it behoarlik yn de kosten. Der moatte lykwols noch wol inkelde hobbels naam wurde, foar't de toer ek yndied wer werom is.

Trefwurden: 
tsjerke Finkegea toer
(advertinsje)
(advertinsje)