ONS pakt punt yn degradaasjekreaker, Harkemase Boys en Bûtenpost ferlieze

ONS Snits hat sneontemiddei yn de degradaasjekreaker tsjin VVOG in punt pakt. Op it Sudersportpark waard it 1-1. Harkemase Boys en VV Bûtenpost hienen in minder goede middei. Harkemase Boys ferlear op besite by VV DOVO mei 1-0, wylst Bûtenpost yn eigen hûs mei 2-4 fan ACV ferlear.
ONS Snits yn in eardere wedstriid © www.orange-pictures.nl
De earste helte by it degradaasjeduel op it Sudersportpark yn Snits hie net in soad spektakel. Ruendel Martina kaam krekt wat tekoart foar de iepeningstreffer en Oege Sietse van Lingen seach in kopbal op de krusing telâne kommen. Foar VVOG wie Harrie Kersten mei in skot op de peal it tichtst by in treffer. It bleau nei de earste 45 minuten lykwols 0-0.
Nei tsien minuten yn de twadde helte waard de skoare iepene troch VVOG-spiler Rihairo Meulens. Hy kaam allinnich op de keeper ôf en koe him nei lang wachtsjen omspylje: 0-1.

Likense hichte

Lang like it derop dat dat ek de einstân wurde soe, mar yn blessueretiid kaam ONS Snits noch op likense hichte. Sam Crowther makke der noch 1-1 fan, wêrtroch't ONS tsjin de ferhâlding yn in punt pakte.
Troch it lykspul stiet ONS no tegearre mei VVOG op it lêste plak mei tsien punten. Beide ploegen moatte, om direkte degradaasje út de tredde difyzje te ûntrinnen, seis punten goedmeitsje op nûmer fyftjin DOVO.
Berwout Beimers fan Harkemase Boys yn duel mei in DOVO-spiler © www.orange-pictures.nl
Yn Veenendaal by Harkemase Boys wie op Sportpark Panhuis de earste grutte kâns fan de wedstriid foar DOVO. Quincy Arends koe sjitte nei it útgliden fan Jesse Renken, mar Arends skeat oer de goal. Tweintich minuten letter ûntsnapte Harkemase Boys opnij oan in efterstân doe't Noah Staal syn skot fia de binnenkant fan de peal út de goal fleanen seach.
De foarsprong kaam der úteinlik yn de earste helte noch wol foar de thúsploech. DOVO krige in penalty nei't Joris Voest in oertreding makke op Jasper Waalkens. Dy bûtenkâns waard benutte troch Arends: 1-0.

Doelpunt ôfkard

Yn de twadde helte like Harkemase Boys op 1-1 te kommen troch in kopbal fan Henny Bouius. De goal waard lykwols ôfkard fanwegen bûtenspul. Grutte kânsen bleaune dêrnei lang út.
Yn de 84e minút koe Arends de wedstriid beslisse yn it foardiel fan DOVO, maar syn skot gie neist de goal. Yn de blessueretiid wie Berwout Beimers noch ticht by de lykmakker. Syn kopbal gie yn it sydnet, wêrtroch't DOVO mei in krappe oerwinning de trije punten yn eigen hûs hâlde.
Harkemase Boys stiet troch de nederlaach noch op it fjirde plak yn de tredde difyzje. By in oerwinning hie de Fryske ploech op likense hichte kaam mei de nûmer trije, DVS '33 Ermelo, dat sneontemiddei ferlear fan Excelsior '31.

VV Bûtenpost - ACV

VV Bûtenpost moast it yn eigen hûs opnimme tsjin de nûmer trije fan de Haadklasse B, ACV út Assen. Nei 24 minuten stie der foar de Fryske ploech in efterstân op it skoareboerd troch âld-Harkemase Boys-spiler Matthijs Hardijk.
Nei in flater fan de keeper fan de Drintske ploech koe Bûtenpost tsien minuten letter lykwols wer op likense hichte komme: 1-1. It krêftsferskil bleau lykwols grut en ACV rûn noch foar it skoft út ta 1-3 troch doelpunten fan Daniël Schans en Ezra Schrijver.
Nei in oere wie de wedstriid definityf beslist doe't Hardijk mei syn twadde fan de middei de stân op 1-4 brocht. Robin Huisman de Jong makke der mei in rake frije traap noch wol 2-4 fan. De oerwinning fan de besikers út Assen kaam lykwols net mear yn gefaar.
Troch de nederlaach stiet VV Bûtenpost noch hieltyd op it lêste plak yn de Haadklasse B. It gat mei de foarlêste is fjouwer punten.