Sven Roes debutearret mei sulver op wrâldbeker, brûns foar Schulting

08 feb 2020 - 16:41

Sven Roes fan Gytsjerk hat by syn debútwykein op de wrâldbeker in sulveren medalje wûn op de earste 1.500 meter. Yn de finale wie allinnich de Sinees Ziwei Ren rapper. Suzanne Schulting pakte in brûnzen medalje op de 1.000 meter.

Foto: Orange Pictures

Roes makke mei in oerwinning yn de heale finale al grutte yndruk. Ek Itzhak de Laat fan Ljouwert pleatste him fia de heale finale foar de A-finale. Hy waard tredde yn de heale finale, mar mocht troch syn rapste tiid troch.

Yn dy finale pakte Ziwei Ren al gau hast in hiele ronde foarsprong. Hy kaam dan ek as earste oer de streek. Op tsien meter efterstân kaam Roes as twadde binnen. De Koreaan Kim Dagyeon waard tredde. De Laat koe yn de finale mei in fjirde plak gjin grutte rol spylje.

By de froulju slagge Rianne de Vries fan Akkrum der net yn de A-finale te heljen. Sy krige yn de heale finale in penalty.

1.000 meter

Schulting en Daan Breeuwsma fan Akkrum wienen yn de heale finales op de 1.000 meters de Fryske ynbring. Breeuwsma slagge der lykwols net yn om yn de finale te kommen. Hy waard lêste yn syn heale finale en wie dêrtroch feroardiele ta de B-finale. Hjiryn einige hy ek als lêste. Schulting die it mei in twadde plak yn de heale finale better. Hjiryn hoegde se allinnich de Koreaanske Kim Ji Yoo foar har te litten.

By de frouljusfinale gienen twa konkurrinten fan Schulting ûnderút, wêrtroch't de race opnij begjinne moast. Dat wie net ûngeunstich foar Schuling, dy't krekt ynhelle waard troch Kim. Lee Yu Bin moast nei de fal mei in brankaar fan it iis helle wurde en Sofia Prosvirnova krige in penalty. Dêrtroch bleaunen der noch mar trije froulju oer.

Schulting seach yn de twadde ferzje fan de finale dat Lee har twa ronden foar de ein wer ynhelle. Yn de lêste ronde besocht se noch fan alles, mar hjirtroch ferlear se snelheid en gie de Kanadeeske Courtney Lee Sarault noch oer har hinne.

Relays

De frouljus relayploech hat him mei in oerwinning yn de heale finale pleatst foar de finale. It team mei De Vries, Schulting, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven wie rapper as ûnder mear Sina, dat him ek pleatste foar de finale.

Ek de manlju meie snein starte yn de finale op de relay. De ploech mei Breeuwsma, De Laat, Roes en Melle van 't Wout waard twadde efter Súd-Korea en dat is genôch foar pleatsing.

Op de mixed relay hie Nederlân mei Breeuwsma, De Laat, Schulting en Van Ruijven net in soad sukses. Yn de finale gie Breeuwsma ûnderút en dus einige it hast folslein Fryske team as lêste en fjirde. De finale waard wûn troch Hongarije. It sulver wie foar Ruslân en it brûns gie nei Frankryk.

(advertinsje)
(advertinsje)