Wedstriden FK dressuer yn Harich fan snein útsteld

Dielnimmers oan de Fryske kampioenskippen dressuer dit wykein yn Harich, hoege snein net mear yn aksje te kommen. Fanwegen de minne waarfoarsizzingen hat de organisaasje besletten de wedstriden fan snein te skrassen.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Dat betsjut dat de finales fan de klassen Z dizze sneon noch ôfwurke wurde. De wedstriden fan de klassen L2, M1 en M2 dressuer wurde ferpleatst nei kommende freed 14 febrewaris.
It Frysk kampioenskip dressuer wurdt hâlden yn maneezje Gaasterlân yn Harich.