Noppert al gau ûnderút op earste Players Championship

08 feb 2020 - 15:59

Darter Danny Noppert is it nije dartseizoen sneon net al te bêst begûn. Op it earste Players Championship fan 2020 yn it Ingelske Barnsley ferlear Noppert yn de twadde ronde mei 6-2 fan Adam Hunt.

Foto: Orange Pictures

De Jouster koe syn earste partij noch wol winne fan Ryan Murray (6-4) en smiet dêryn ek in goed puntetrochsneed fan 100. Tsjin Hunt yn de twadde wedstriid lei syn nivo in stik leger.

It Players Championship-wykein yn Barnsley is it earste fan it nije dartseizoen. Snein wurdt it twadde fliertoernoai ôfwurke. It earste telefyzjetoernoai dêr't Noppert oan dielnimt, wurdt de UK Open begjin maart.

(advertinsje)
(advertinsje)