Op & Ut: fan bernekonsert oan stoarm op komst

08 feb 2020 - 14:16

Dizze sneon hat Op & Ut it wer oer in ferskaat oan ûnderwerpen. Sa wurdt sprutsen oer de natuer en de tún, mar is der ek omtinken foar in brassbandkonsert mei 120 bern en in grutte stoarm dy't snein oer Fryslân waait.

Brassband Soli Brass pakt út

Brassband Soli Brass út Ljouwert pakt grut út. Sy organisearje in bernekonsert foar bern. Mar ek méi bern, want sy hawwe samar sa'n 120 leden ekstra. Stefan Bakker, Amber Dragtsma en Wessel de Vries oer it konsert.

De túntips fan Klaas Piekstra

Túnman Klaas Piekstra praat ús by oer de tún en it waar dat suver mear op maitiid liket as op winter. Piekstra hat ûnder oare in wite camelia mei.

Kris Callens oer Other.Worldly

Yn it Fries Museum wurdt takom wike in nije tentoanstelling iepene. In tentoanstelling wêrby't besikers ûnder wetter gean. Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum fertelt oer de nije útstalling: Other.Worldly.

De natuerrubryk fan Johan de Jong

Wat bart der op dit stuit yn de natuer? Johan de Jong praat ús by. Hy fertelt ûnder oare oer de beamotter yn Tytsjerksteradiel.

Piet Paulusma praat ús by oer de stoarm.

(advertinsje)
(advertinsje)