HEA! Soldaatsjes fervje foar in fjildslach

08 feb 2020 - 14:05

De Ljouwerter Spellenvereniging UCP is yn buerthûs Rengerspark drok dwaande mei it beskilderjen fan soldatepopkes. Dêrmei wurdt in fjildslach út de Tachtichjierrige Oarloch neispile. Sa wurdt de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk wer foar it fuotljocht brocht. De feriening makket 350 soldaatsjes, dy't aanst te sjen binne op in miniatuerslachfjild yn Historisch Centrum Leeuwarden.

(advertinsje)
(advertinsje)