Auto op 'e kop yn Bûtenpost: bestjoerder net ferwûne
Op de Lauwersmarwei (N358) is sneon in auto fan de dyk rekke. De auto kaam op de kop yn in sleat telâne. De bestjoerder is troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar wie net ferwûne rekke.
De bestjoerder is nei alle gedachten yn in bocht rjochttroch flein. De persoan koe sels út de auto wei klimme.