Piet Paulusma oer stoarm Ciara: "It sil der aardich om wei gean"

08 feb 2020 - 11:35

Fryslân kin him opmeitsje foar min waar. Snein komt der in stoarm oan, it is de earste stoarm dy't oer Nederlân hinne giet mei in namme: Ciara. Waarman Piet Paulusma warskôget benammen foar hurde wyn. Mar ek: "It reint hurd, wy krije letter yn de middei buien mei tonger en hagel. Jo kinne better net de dyk op as je it net hoege, hielendal net mei in caravan of oanhingers. Dat is libbensgefaarlik. En alles wat los sit fêstsette of binnen sette."

"Sa't it no liket giet it der aardich om wei," seit Piet. "It begjint fannacht al hurd te waaien. Dan hast moarnier betiid al in hurde oant stoarmige wyn. Moarnmiddei en yn it earste part fan de jûn komt de measte wyn. De gemiddelde wynsnelheid is krêft 9, mear it lân yn krêft 7-8. Mar it binne de útsjitters dy't it probleem binne. Yn it Waadgebiet kin dat wol krêft 12 wêze, dat is mear as 130 kilometer yn it oere. Dat jildt ek foar it westlike part, noardwest en noard."

Gefaarlik waartype

Dan giet it benammen om it brede kustgebiet. "Dy krijt krêft 10-11 yn útsjitters en dy meitsje de measte skea. It is wol sa: it is in súd-súdwest wyn. Dêr hawwe wy faak minder skea fan as in westlike wyn, mar yn de jûntiid giet it noch west-súdwest dus dan klapt it der noch efkes tsjinoan. It wurdt in gefaarlik waartype. De measte wyn komt oerdei."

Noch net dien nei snein

Paulusma jout oan dat de stoarm it noch wol efkes folhâldt. "Want yn de nacht giet it troch en moandei en tiisdei binne der noch altyd wynstjitten yn krêft 9-10 en buien fan it westen út. Je kinne jûn en moarnier pas sjen hoe't it krekt útpakke sil, om't dy stoarm him noch ûntwikkelet. It begjint foar de kust fan Ingelân."

It sil grif gefolgen hawwe: "Der sil ek wol wat oanpast wurde as it om it iepenbier ferfier giet. As je oan it ferbouwen binne en troep lizzen hawwe, dat waait gewoan fuort. Dy wynstjitten yn krêft 10-11 op it lân meitsje de skea."

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
waar Piet Paulusma stoarm Ciara
(advertinsje)
(advertinsje)