Omrop TIP: Ljocht en skaad oer it sinnepark

Hoefolle lânskip en natuer wol Fryslân opjaan foar grutskalige sinneparken? Yn de Fryslân DOK 'Ljocht en skaad oer it sinnepark' ûndersiket Dieuwke Kroese lytse en grutte inisjativen.
It klimaat feroaret, fossile enerzjyboarnen reitsje op. Yn 2030 - sa is ôfpraat yn it lanlike Klimaatakkoord - moat 70 persint fan alle elektrisiteit komme fan duorsume boarnen as wyn en sinne. Wat dat betsjut foar Fryslân, is te sjen yn de Fryslân DOK 'Ljocht en skaad oer it sinnepark'.
Dat bliuwt net by sinnepanielen op it eigen dak, dat wurdt folle grutter oanpakt. Fryske doarpen sette útein mei eigen enerzjykorporaasjes. Grutte ûntwikkelders as Groenleven ynvestearje yn mega-sinneparken. Dat leveret in soad enerzjy op, en winst foar de produsint.
Op in stik lânbougrûn by Easterwâlde fan 50 bunder (like grut as 77 fuotbalfjilden), wurdt it grutste sinnepark fan Fryslân boud. Mei man en macht sette wy ús yn foar duorsume enerzjy. De oare kant is dat kostbere romte, natuer en lânskip opoffere wurde foar enerzjyfoarsjenning. Fryslân soe in grutte enerzjyleveransier wurde kinne foar de rest fan it lân, mar wolle wy dat ek?
Dieuwke Kroese praat mei Roelof Potters fan Liander © Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne der ambysjes op lytse en grutte skaal. Doarpsbewenners sette de skouders derûnder. Enerzjykorporaasjes yn bygelyks Garyp en Wynjewâld libje folop. Wat hjoed-de-dei wol in probleem is, is dat it elektrisiteitsnet yn ús lân net berekkene is op de tastream fan safolle ekstra enerzjy. Op pykdagen mei in soad sinne wurdt der tefolle enerzjy produsearre, dy'tst net kwyt kinst.
Dieuwke Kroese oan it wurk foar Fryslân DOK mei kameraman André Minkema © Omrop Fryslân
Programmamakker Dieuwke Kroese en kameraman André Minkema sykje de ferskate inisjativen mei sinne-enerzjy yn Fryslân op. De dokumintêre 'Ljocht en skaad oer it sinnepark' jout in byld fan de foar- en neidielen fan sinneparken.
De Fryslân DOK: '' Ljocht en skaad oer it sinnepark' is te sjen op sneon 8 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling). Omrop Fryslân stjoert de film út op snein 9 febrewaris, fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).