Op klompen by de Binnema's

Jaap en Tine Binnema wennen op in grutte pleats tusken Ferwert en Blije. Se hiene gjin bern. Oant sy oan de ein fan 1943 de soarch krigen oer in lytse poppe fan seis wiken âld. In Joadsk berntsje út Amsterdam. Jan Binnema fertelt syn ferhaal yn it radioprogramma Buro de Vries oan Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (Leeuwarder Courant).
© Omrop Fryslân
Op klompen by de Binnema's
It jonkje bleau by de Binnema's, oant nei de oarloch syn eigen mem him wer opsocht yn Ferwert. Jan syn heit is fermoarde yn Auschwitz, mar syn mem hie it konsintraasjekamp Theresienstadt oerlibbe. Neidat se in skoftke oan inoar wend rekke wiene, gie Jan wer mei syn mem mei nei Amsterdam. Mar alle simmers dêrnei kaam er nei Ferwert, by syn 'heit en mem' útfanhûs op 'e pleats.
Jan as lyts jonkje by Jaap en Tine Binnema © Omrop Fryslân
It kontakt bleau en Jan bewarret dêr tige goeie oantinkens oan. Hy geniete fan de buorkerij, de bisten en hy mocht mei nei de feemerk. Hy kin syn pleechheit Jaap Binnema noch goed yn 't sin krije: "Een boom van een man, met handen als kolenschoppen." Ek mem Tine wie in grutte frou. It pear joech him in feilich gefoel.
Fan de tiid op 'e pleats oan 'e Ferwerter Ryp hat Jan Binnema net folle taastbere oantinkens. In pear fotokes. Jan: "Een luchtfoto van de boerderij. Eén foto waar ik op schoot zit bij 'heit en mem'. En eentje waarbij ik bij een ren waar de kuikentjes in opgroeiden, met een gietertje sta." In oar moai oantinken hat Jan noch wol: in readferve klompke.
Ien fan de klompkes fan Jan Binnema © Omrop Fryslân, foto Jan Binnema
Yn it radioprogramma Buro de Vries is it petear mei Jan Binnema snein te beharkjen. It is de earste kear dat Jan syn ferhaal dielt mei in sjoernalist. Hy docht dat, om syn pleechheit en -mem te earjen. Hy hie se graach de Yad Vashem-ûnderskieding ta hawwe wollen, mar dat is der net fan kaam.
Henke de Jong en Hendrik Kroes, Blije © Omrop Fryslân
Doe't Jan as lyts jonkje by de Binnema's wenne, wie Henke de Jong in buorfamke fan in jier as alve. Letter holp se dêr yn 'e húshâlding. Se ken de lytse Jan noch goed. Se rûn mei him yn de bernewein en se gie mei him te fytsen. Henke is no 87 jier en wennet noch yn Blije. Oant de dei fan hjoed hat se kontakt holden mei Jan.
Jan Binnema woe graach syn ferhaal fertelle oan de sjoernalisten Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (Leeuwarder Courant), ûnder it betingst dat er net syn echte namme brûke soe, mar de Fryske namme dy't er as jonkje yn Ferwert krige: Jan Binnema. Hy is oars benaud foar anty-semityske reaksjes.
Hy sjocht om him hinne dat anty-joadske sentiminten wer de kop op stekke. Hy hopet mei syn ferhaal dat minsken mear ferdraachsum tsjin inoar oer stean gean, en dat de jongerein wit wat der barre kin 'als de ene groep mensen zijn wil oplegt aan anderen'.
Jan Binnema wol yn it earste wykein fan maaie graach nei Fryslân weromkomme foar de Underdûkersdagen, in projekt fan 'De terugkeer van de Joodse kinderen'.
'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in mienskiplik projekt fan de Fryske media, Tresoar en stichting De Verhalen. De persoanlike skiednis fan Jan Binnema stiet op 8 febrewaris ek yn de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.