Twa minsken pakt mei te folle drank op efter it stjoer yn Ljouwert

08 feb 2020 - 10:12

De plysje hat by in kontrôle op de Verlengde Schrans yn Ljouwert twa minsken oanholden dy't mei te folle alkohol op efter it stjoer sieten. In man blaasde 290 ug/l en in 30-jierrige frou blaasde 520 ug/l. De frou waard al foar de fiifde kear yn fiif jier oanholden mei te folle drank op.

Beide fertochten hawwe in proses-ferbaal krigen. De auto fan de frou waard ferbard ferklearre. De kontrôle wie tusken 19.00 en 22.00 oere. Yn totaal hat de plysje 366 bestjoerders blaze litten.

(advertinsje)
(advertinsje)