Flylân en Staatsbosbeheer stekke 1,1 miljoen yn natuer en rekreaasje

08 feb 2020 - 09:46

Gemeente Flylân en Staatsbosbeheer ynvestearje de kommende 4 jier goed 1,1 miljoen euro yn natuer- en rekreaasjeprojekten op it eilân. Dat jild komt frij troch in tal grûntransaksjes tusken beide partijen. Sa wurdt de gemeente eigener fan de grûn ûnder de jachthaven, sportsintrum Flidunen en it sportterrein.

In fytspaad op Flylân - Foto: ANP

It jild dat mei de oerdracht frijkomt, wurdt yn in grienfûnsrekken stutsen. Dat jild wurdt útjûn oan fytspaden, gearwurking mei natueredukaasjesintrum De Noordwester, natuerbelibbingsrûten en it duorsumer meitsje fan gebouwen en materieel fan Staatsbosbeheer. Dêr sil in wurkgroep mei dwaande.

Logyske ferhâldingen

Foar it grûnwikseljen hawwe boargemaster Tineke Schokker en direkteur Sylvo Thijsen in yntinsjeferklearring tekene. Neffens harren ûntsteane der mear logyske ferhâldingen mei de oerdracht. In tal diken en fytspaden feroaret ek fan eigener.

De boargemaster seit: "Met dit geld kunnen we investeren in een aantal projecten die hoog op onze gezamenlijke verlanglijst staan, maar waar we anders moeilijk geld voor konden vrijmaken. We kunnen het ook gebruiken als cofinanciering voor Waddenfondsaanvragen en zo het investeringsbedrag verder verhogen. Het maakt ons mooie eiland nog aantrekkelijker, zowel voor toeristen als voor de eigen inwoners.''

(advertinsje)
(advertinsje)