Jesse wol 50.000 mobyltsjes sammelje foar Stichting Opkikker

08 feb 2020 - 08:56

Jesse Mulder fan Oldebroek wie 7 jier doe't hy kanker krige. Yntusken is hy 16 jier en giet it goed mei him. Sa goed dat hy wat werom dwaan wol de stichting dy't him yn tiden fan syn sykte in geweldige dei besoarge hat: Stichting Opkikker. Sy organisearje saneamde opkikkerdagen foar bern dy't it dreech hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Jesse is no ambassadeur foar dizze stichting en hy sammelet mobyltsjes yn foar de Stichting. Dy krijt nammentlik foar in mobyl 2 euro. Sneon is hy de hiele dei yn Fryslân.

Jesse set útein yn Ljouwert, by de fontein foar it stasjon. Mar hy komt sneon by alle alve stêden del. "In de periode dat ik dit doe heb ik al 39.400 mobieltjes in gezameld voor Stichting Opkikker. Dat zijn er een hele hoop. We krijgen 2 euro per mobieltje om opkikkerdagen te organiseren, waarmee ze langdurig zieke kinderen een mooie dag geven," leit Jesse út.

Doel: 50.000 mobyltsjes

Hy fertelt syn eigen ferhaal: "Ik ging op 31 december naar het ziekenhuis voor een darmopstopping. Maar het bleek wat anders, want er werd geconstateerd dat ik lymfeklierkanker had. Ik ben direct opgenomen in het ziekenhuis, voor iets meer dan vier maanden. Maar ik ben gelukkig genezen. Het was een heftige periode. Ik heb na ik ziek was een opkikkerdag gehad, en daarna heeft de stichting gevraagd of ik ambassadeur wilde worden door mobieltjes in te zamelen. Daar ben ik mee begonnen en dat is iets uit de hand gelopen. Mijn doel is nu om 50.000 mobieltjes in te zamelen."

Efkes wille yn in rottiid

Hy wit net wat er yn Fryslân ferwachtsje kin, mar hy hopet op in soad telefoantsjes. "Het is erg belangrijk, want je kunt je situatie even vergeten met een opkikkerdag. Je hebt even lol met je familie en dat is echt kostbaar in zo'n periode." Hy docht in oprop oan eltsenien: "Als jullie mobieltjes hebben, het maakt niet uit of ze kapot zijn. U kunt mijn adres vinden op mijn Facebookpagina Oude mobieltjes Jesse Mulder."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust by Jesse Mulder

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)