Sint Piter oankaam yn Grou: komt der letter noch in demonstraasje?

08 feb 2020 - 12:10

Kick Out Zwarte Piet hat sneon net demonstrearre by de yntocht fan Sint Piter yn Grou. De rjochter bepaalde freed dat de aksjegroep dat wol yn de greide oan de oare kant fan it kanaal dwaan moatte soe. Dan hoecht it foar Rob Kelder fan de aksjegroep net mear: "Ik denk dat de burgemeester met het besluit voor deze locatie het uiten van dreigementen beloont, ten koste van ons als geweldloze demonstranten."

"Wij zijn op die locatie makkelijk te negeren. We zijn daar het lachertje. Het is makkelijk om ons in een weiland te parkeren, waar we niet goed zichtbaar en hoorbaar zijn," seit Kelder. "Eigenlijk willen we ergens in het dorp langs de route staan. We vormen geen bedreiging, we houden bordjes omhoog en als Sint Piter langs komt houden we onze mond. Net zoals we ook bij Sinterklaas gedaan hebben. Dan is het gek als we in een weiland moeten," seit Kelder.

"Misschien moeten wij het eens zonder kennisgeving doen"

Foarearst gjin demonstraasje dus. Mar miskien wol op in oare dei. "Wij hebben wel in overweging om op een andere dag te komen, maar wij weten niet wanneer. Op dit moment hebben we geen overleg met de gemeente. We sturen keurig een kennisgeving van demonstratie naar de gemeente. Dat moet 48 uur van tevoren, wij hebben dat zelfs netjes een maand van tevoren gedaan. Maar bepaalde ani-democratische groeperingen uiten dreigementen. Misschien moeten wij het eens zonder kennisgeving doen," jout Kelder fan Kick Out Zwarte Piet oan.

Rob Kelder fan Kick Out Zwarte Piet

Sint Piter wer yn Grou

"Dit wie in moai feest. De sinne is der by en der wiene in soad minsken. Ik wie bekend mei Sint Piter, mar ik haw der noch nea west," seit boargemaster Buma nei de yntocht. En oer Kick Out Zwarte Piet: "Eltsenien hat it rjocht te demonstrearjen en ik tink dat dêr in goed plak foar wie. Sy hawwe der foar keazen om net te kommen, dat is oan Kick Out Zwarte Piet. As sy wer in oanfraach dwaan sille, sil it wer dit plak wurde."

Peter van den Broek fan it Sint Piter Komitee: "Het was heel relaxed en ontspannen. En voor het eerste met burgemeester Buma, maar hij doet het fantastisch. De demonstratie van Kick Out Zwarte Piet werd zo langzamerhand een traditie. Het is jammer dat ze toch niet komen door de uitspraak van de rechter. Van mij hadden ze mogen komen, we waren er goed op voorbereid.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by de yntocht

(advertinsje)
(advertinsje)