Kollum: "Ferstikkend stof"

08 feb 2020 - 08:27

"It totale oantal bisten yn iepen heidegebiet en boerelân is yn de ôfrûne 30 jier mei de helte ôfnaam. De oarsaak hoech ik hast net iens te neamen, want stikstof. Yn de bosken falt de teloargong gelokkich ta, sa skriuwt it WNF yn in rapport.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Mei ik as grut natuerleafhawwer en fjildman dêr hiel foarsichtich hjir en dêr wat kanttekeningen by pleatse? Mei it gefaar dat ik de komplete anty-boeren-lobby oer my hinne krij, besykje ik it dochs.

Ik bin 50 jier. Berne yn de bosken fan Oranjewâld. Myn earste ljipaai fûn ik doe't ik in jier as tsien wie. It lân tilde doe noch op fan de greidefûgels. Der wienen winters mei froast, dat mûzepleagen wienen der amper. Noch in pear sifers. Efkes foar it oersjoch.

Yn 1980 wiene der 4.2 miljoen auto's. No 8.3 miljoen.

Yn 1980 wiene der 171.000 fleanbewegingen. No 500.000.

Yn 1980 wiene der 2.4 miljoen kij yn Nederlân. No1.6 miljoen.

Yn 1980 wie der 2.020 miljoen bunder agraryske grûn. No 1.76 miljoen.

Yn 1980 wennen der 14 miljoen minsken yn Nederlân. No goed 17 miljoen.

Yn 1990 wie der 435.000 bunder natuergebiet. Yn 2016 620.000 bunder.

Opfallende sifers. Se komme fan it CBS, fan Schiphol, Het Planburo voor Leefomgeving en it CLO.

Der binne no dus minder (!) kij, der is mear natuergrûn as yn 1980. Der binne twa kear safolle auto's en der wurdt hast trije kear safolle flein. Der is minder agraryske grûn, mar folle mear bebouwing. Dy 3 miljoen ekstra oan minsken moatte earne wenje.

Ik sil net oan de wittenskip ferwite dat sy in wol hiel iensidich byld jouwe foar de oarsaken fan de teloargong fan de fûgelstân, mar dit wol ik der al efkes oer sizze. Ofrûne hjerst fytste ik troch in ferlitten stik feangreide. It wie in moaie, drûge dei. Fan de Feanhoop nei Nes, by Akkrum. Oer de Flearbosk, de Swettewei, de Peansterdyk, Pean, Soarremoarre, de Sodumerdyk en de Kleasterwei. In prachtich stikje Fryslân.

Op dat trajekt telde ik op dy moaie hjerstdei 35 (!) wite reagers, 18 earrebarren dy't blykber hjir winters ek al bliuwe, 12 rôffûgels, in hânfol swarte krieën, talleaze seefûgels en in moaie soad gewoane reagers. Foaral dy earste beide fûgelsoarten wienen der hast net doe't ik 40 jier lyn myn earste ljipaai fûn. It wie bysûnder as je in wite reager fleanen seagen en in earrebarre wie allinnich yn de earrebarrestasjons te bewûnderjen.

Foksen en stienmurden wienen der doe ek hast net, dy waarden fûl bejage. Al dizze bisten frette ûnder oare: greidefûgels. Dy sjogge je dus yndie hast net mear.

Dat de wize fan buorkjen en benammen dong ynjektearjen yn kombinaasje mei de kar foar Ingelsk raai foar in part funest west hat foar de greidefûgels, sil nimmen ûntkenne. De polityk dy't dy regels doe betocht hat, soe dêr no ek wolris by stilstean meie en tajaan dat it net it meast tûke is dat sy ea besletten en promoate hawwe.

Plus it feit dat der neffens 1980 no twa kear safolle auto's binne, we ús hielendal suf fleane en we de predatoaren omearme hawwe as beskerme bisten, wurdt faaks ûnderbeljochte of hielendal net beneamd yn de beskriuwingen fan de nije biotoop dy't we mei syn allen kreëarre ha. En dat is net terjochte."

(advertinsje)
(advertinsje)