Op 'e nij in konifearebrân en oppakte fertochte yn Drachten

08 feb 2020 - 07:08

Drachten is wér slachtoffer fan in konifearebrân. Yn de nacht fan freed op sneon moast de brânwacht útride nei in brân oan de Noorderhof. It is al de alfde konifearebrân dit jier. Ek by dizze brân is troch de plysje in persoan oanholden, ek al is noch net dúdlik wat syn rol west hat by de brân.

Foto: De Vries Media

Bewenners hawwe 112 belle en besochten sels al de brân út te meitsjen mei amers wetter en in túnslang.

Earder dizze wike koene in 15- en 16-jierrige jonge oanholden wurde, nei't ferline wike twa jonges fan 13 en 14 jier âld oppakt binne. Oft de fertochte dy't sneon oanholden is wat mei eardere brannen te krijen hat, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)