Steuring by ôffaloven REC yn Harns, mear útstjit yn de loft

Der is in steuring yn de ôffaloven REC yn Harns. Dat komt troch in lekkaazje yn de tsjettel. De ynstallaasje dy't it reekgas skjinmeitsje moat, wurke net mear. Dêrtroch wie der freed ek mear útstjit yn de loft.
Omrin yn Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der is ek reek te sjen boppe de stêd. De REC (reststoffen-energiecentrale) is fan Omrin. Dat bedriuw seit dat de oerlêst foar de direkte omjouwing beheind is, omdat de wyn súdeastlik stiet.
Yn de nacht fan freed op sneon wurdt de ynstallaasje folslein útset. Sneontemoarn begjinne de reparaasjes oan de oven.