Basisdebutant Breij oer benaude twadde helte: "Ik vond het zelf ook aardig spannend"

07 feb 2020 - 23:34

Sportklup Cambuur wie freed foar it skoft oppermachtich tsjin MVV, mar seach de oerwinning noch hast út 'e hannen glippen. De ploech út Maastricht kaam yn de twadde helte op 2-1 nei in flaterke fan Erik Schouten. Dêrnei hold Cambuur stân, mar ienfâldich wie it net altyd. "Ik vond het zelf ook aardig spannend", sei Michael Breij, dy't foar it earst yn de basis stie.

Michael Breij makke syn debút yn de basis:

Topskoarer Robert Mühren makke beide doelpunten fan de Ljouwerters, mar Breij hie sels ek skoare kinnen. "Ik moet het balletje gewoon tussen de palen schieten", seit er. "Maar we hebben drie of vier heel goede kansen gecreëerd. Dat is ook onze kracht. Dat doen we heel goed."

Uteinlik wie it by it skoft dus 2-0. "Als je met 3-0 naar binnen gaat, dan ga je met nog een lekkerder gevoel naar binnen. Na rust had ik ook niet het gevoel dat zij terug zouden komen. Maar door een ongelukkig moment maken zij de 2-1. Dan maken we het onszelf moeilijk. Daarin kunnen we ons verbeteren."

Even yn spanning

Dat ûngelokkige momint wie doe't oanfierder Erik Schouten foel en de bal ferspile. Dêr profitearre MVV direkt fan. Breij: "Ik blijf het zeggen, het was een ongelukkig moment. Erik is een fantastische voetballer en hij verzorgt de opbouw met Maccie (Calvin Mac-Intosch, red.) fantastisch."

Dêrnei naam de spanning ta. "Eigenlijk moeten we niet in paniek raken door de 2-1. Maar je voelt ook de spanning in het publiek. Dat zijn leermomenten. Uiteindelijk hebben we de overwinning wel te pakken."

Maandag sluit ik - hopelijk fris - weer aan.

Michael Breij rekke blessearre oan 'e knibbel

Foar Breij wie it syn debút yn de basis. In wike lyn makke er syn earste minuten yn it gielblau as ynfaller. "Ik ben wel tevreden, fysiek voelde ik me goed", sei er. Hy koe de wedstriid net útspylje fanwegen in blessuere. "Jammer dat ik eruit moest. Ik kreeg precies op de binnenkant van m'n knie een trap, dus het is nu erg stijf. In eerste instantie wilde ik het eruit lopen, maar ik merkte dat ik niet vrijuit kan lopen. Nu ijs erop, zaterdag fietsen en zondag een vrije dag. Maandag sluit ik - hopelijk fris - weer aan."

Kânsen lizze litten

"Dit sjogge we wolris faker", sei trainer Henk de Jong. Syn ploech is dit seizoen wol faker fergetten de wedstriid yn it slot te smiten. "Wy litte fierstente folle kânsen lizze. By it skoft moat it gewoan 4-0 of 5-0 stean, klear. Mar der is gjinien dy't it mei sin docht, kânsen misse. Wy binne hast de meast skoarende ploech fan de kompetysje."

"En de twadde helte is der hast neat oan de hân", giet De Jong fierder. "Mar hoe't we de goal fuortjouwe, dat is in blooper fan Erik (Schouten, red.). Dat seit Erik sels ek. Hy seit sels 'sorry'. Mar sokke goals wurkje troch, dat makket dy ûnseker. Krijst altyd in tikje. Op it lêst moatst hoopje datst de wedstriid winst. Dat ha we gewoan dien."

De trainer priizget it publyk fan de thúsklup, dat de ploech holp. "Ik snap ek wol dat minsken even foeterje, omdat der in goal yn giet. Mar se fiele ek dat wy it dreech ha. En dat kin, dat wy it dreech ha. En dan raze se ús dertroch hinne. Nei de tiid is der in orkaan fan lawaai. Dit binne de wichtichste punten."

Keimpe Vellinga wie "in fantastyske man"

Foar de wedstriid wie der in minút stilte yn it Cambuur Stadion foar Keimpe Vellinga, it klupikoan dat dizze wike stoar. "In fantastyske man", seit De Jong oer Vellinga. "Yn myn earste jierren hjir soarge hy foar rêst. Altyd moai rêstich. In hiel noflike man. Ik ha koartlyn noch by him west en by syn frou, ha we oer fuotbal praat. En no is er yn ien kear fuort."

(advertinsje)
(advertinsje)