Antoinette de Jong pakt twadde plak yn Calgary mei persoanlik rekôr

07 feb 2020 - 23:21

Antoinette de Jong hat freed by de wrâldbekerwedstriid yn Calgary in persoanlik rekôr riden op de 3000 meter. Se sette in tiid del fan 3.56,18. Dat wie goed oardel sekonde rapper as har âlde bêste tiid. Dat wie 3.57,18, in tiid dy't se yn desimber 2017 ek yn Calgary ried. Freed wie allinnich Martina Sáblíková rapper.

Antoinette de Jong (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

De Tsjechyske kaam nei 3.54,94 oer de finish. It brûns wie foar de Russyske Natalia Voronina yn 3.56,58.

De twadde Friezinne op de 3000 meter wie Reina Anema. Sy waard njoggende yn 4.02,37. Dat wie gjin persoanlik rekôr.

(advertinsje)
(advertinsje)