Sealfuotbalsters Drachtster Boys winne topper fan Feyenoord

07 feb 2020 - 22:35

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha freedtejûn de topper yn de earedifyzje tsjin Feyenoord wûn. It waard 3-2 foar de Drachtsters, dy't dêrmei de kopposysje behâlde.

Der barde fan alles yn de begjinfaze. De Drachtsters skoarden as earste. Jessie Prijs sette de 1-0 op it skoareboerd nei in yntraap fan Sieta de Vries. Ek dêrnei wiene der genôch kânsen, mar de twa keepsters holden harren goals fierder skjin foar it skoft.

Twadde helte op en del

Yn de twadde helte wie de earste kâns foar Feyenoord, mar wer skoarde Drachtster Boys. De doelfrou fan de thúsploech, Anna Reitsma, joech in lange bal. Dy waard net goed ferwurke troch de Rotterdamsters. Troch in eigen doelpunt waard it 2-0. Wer wat letter skoarde Reitsma sels. Se joech wer in lange bal en Feyenoord-doelfrou Degener siet der net goed by.

Dochs kaam de spanning werom, troch twa goals direkt efterinoar. Jennifer Oliveira makke de earste treffer fan Feyenoord en nei in treffer fan Sherrallin Henriquez wie it sels 3-2. De Rotterdamsters besochten it noch in pear kear, mar Reitsma foarkaam de lykmakker.

Fjouwer punten foarsprong

Troch de oerwinning behâldt Drachtster Boys de lieding yn de earedifyzje. Se ha no 30 punten út trettjin wedstriden. Team Alkmaar en Feyenoord folgje op plak twa en trije mei 26 punten.

(advertinsje)
(advertinsje)