KOZP sjocht ôf fan demonstraasje by Sint Piter yn Grou

07 feb 2020 - 22:09

Kick Out Zwarte Piet (KOZP) sjocht ôf fan in demonstraasje by de yntocht fan Sint Piter yn Grou sneon. Dat berjocht komt nei't de rjochter freed bepaalde dat de aksjegroep demonstrearje mei, mar dan wol yn de greide oan de oare kant fan it doarp. KOZP wie net tefreden mei dat plak. "Daar zijn we een beetje het lachertje", seit Rob Kelder fan KOZP.

Demonstraasje Kick Out Zwarte Piet by yntocht Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"De uitspraak van de rechter heeft ons recht op betoging morgen de das omgedaan", meldt de aksjegroep. "Wij zijn niet naar de rechter gestapt omdat wij een betere plek wilden, maar omdat wij ons demonstratierecht wilden redden. Een recht dat ons mondjesmaat wordt toegekend, als het de overheid uitkomt." KOZP seit sels op in "ander, zelf gekozen moment, in Grou alsnog gebruik te maken van het demonstratierecht".

Neffens Kelder hat de rjochter freed op it koart pleit besocht om in kompromis te sluten tusken gemeentemeiwurkers en KOZP. "De gemeentemedewerkers stonden welwillend tegenover een eventueel compromis", seit er. Doe't de gemeentemeiwurkers dêroer kontakt sochten mei boargemaster Buma, soe dy besletten ha dat der gjin kompromis kaam.

Buffer

De gemeente hie it plak oanwiisd omdat der dan in romte wie tusken de yntocht en de aksjefierders. It wetter soe yn de eagen fan de gemeente tsjinje as 'buffer'. Foarich jier stiene de aksjefierders op datselde plak. Neffens boargemaster Buma fan Ljouwert wie dat in goed plak. Kelder is it dêr net mei iens: "Wij vinden dat wij vorig jaar niét goed zichtbaar en hoorbaar waren. Wij waaiden zowat het weiland weer uit."

(advertinsje)
(advertinsje)