"We moeten iets rechtzetten tegen VVV"

07 feb 2020 - 22:01

Sportklup Hearrenfean wachtet noch hieltyd op de earste punten fan 2020. De ploech fan Johnny Jansen ferlear fan Feyenoord, AZ en Fortuna Sittard. "Tegen Fortuna zakten we onder de ondergrens, daar baal ik echt van", seit Jansen. "Dat moeten we tegen VVV rechtzetten. We gaan spijkerhard knokken om die overwinning binnen te halen."

Trainer Johnny Jansen:

Guon spilers ha net de foarm fan foar de winter. Dochs feroaret Jansen syn basisalvetal net. "We kunnen van alles verzinnen, maar ik mis misschien een beetje scherpte. Wij kunnen niet dingen doen op 99 procent. Dat is niet goed genoeg. Wij moeten alles uit volle overtuiging doen. alleen dan hebben we een heel aardig elftal. Het maakt niet uit hoe, als we maar winnen!"

De enige druk die ik voel is de druk die ik mezelf opleg om goed te presteren.

Filip Bednarek

Twadde doelman Filip Bednarek stiet tsjin VVV opnij tusken de peallen. Freed waard bekend dat Warner Hahn wikenlang út de rûlaasje is fanwege in knibbelblessuere. Hy is yntusken operearre. Tsjin Fortuna Sittard ferdigene Bednarek ek al it doel en hy mei it no in pear wedstriden efterinoar sjen litte.

"Na 54 wedstrijden op de bank ben ik nu eerste doelman", seit de Poal. "Soms moet je een beetje geluk hebben. Ik mag me nu bewijzen. De enige druk die ik voel is de druk die ik mezelf opleg om goed te presteren. Op de rest heb je toch geen invloed."

Doelman Filip Bednarek:

Johnny Jansen: "Filip krijgt nu de kans. Hij is een op en top prof die probeert elke dag beter te worden. Hij krijgt nu een mooie kans, hij kan nu een aantal wedstrijden aan de bak."

Druk komt fan de media

Mei VVV komt de nûmer 16 fan de earedifyzje op besite. Yn 'e striid op dielname oan de play-offs (de top-8 pleatst him dêrfoar) is in oerwinning tige wolkom.

"Als wij thuis spelen tegen VVV, dan vind ik dat we die wedstrijd moeten winnen", seit Jansen. "Maar intern wordt de druk er niet opgelegd, die komt meer van de media. Intern zijn we bezig om de spelers beter te maken en het team te ontwikkelen. En dat moet dan leiden tot overwinningen."

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Bednarek; Van Rhijn, Botman, Dresevic, Floranus; Faik, Veerman, Kongolo; Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

De wedstriid is sneon live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio fan 19.30 oere ôf. It kommentaar wurdt dien troch Arjen de Boer.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal VVV
(advertinsje)
(advertinsje)