Cambuur lit MVV hast werom komme, mar hâldt de punten yn Ljouwert

07 feb 2020 - 21:55

Sportklup Cambuur hat freedtejûn nei in benaude twadde helte thús wûn fan MVV. It waard 2-1 foar de ploech fan Henk de Jong. De Ljouwerters wiene foar it skoft folle better en kamen op 2-0 troch twa goals fan Mühren. Nei it skoft kamen de besikers werom yn de wedstriid. Dêrnei wie it spannend, mar Cambuur luts de punten oer de streek.

Cambuur fiert de 2-0 fan Mühren - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei in minút stilte foar de dizze wike stoarne Keimpe Vellinga sette Cambuur de besikers út Limboarch direkt ûnder druk. De earste grutte kâns wie foar Jarchinio Antonia, nei't basisdebutant Michael Breij de bal ferovere. Antonia skeat lykwols op MVV-doelman Nigel Bertrams. Dêrnei wie Breij sels ek in pear kear ticht by syn earste goal foar de Ljouwerters, mar hy skeat earst foardel en dêrnei rekke er de bal net goed.

It duorre úteinlik krekt wat mear as in kertier oant Cambuur op foarsprong kaam. Breij waard oan de rjochterkant fan it strafskopgebiet delhelle troch ferdigener Thibaut Van Acker. Topskoarer Robert Mühren skeat de strafskop efter Bertrams tsjin de touwen.

Mühren mei syn 21e

Twa minuten letter sette Mühren al de 2-0 op it skoareboerd. MVV-ferdigener Enes Mahmutovic kopte de bal sa yn de fuotten fan de spits. Dy stie direkt frij foar de doelman en notearre syn 21e doelpunt fan it seizoen.

Dêrnei bleau Cambuur gefaarlik, mar sûnder te skoaren. Hoedemakers wie tichtby mei in ôfstânsskot, dat krekt njonken gong. Mühren rekke yn de lêste minút fan de earste helte de latte. En dus wie de rêststân 'mar' 2-0.

Spanning werom

Sa bot as Cambuur foar it skoft dominearre, sa'n bytsje barde der yn de begjinfaze fan de twadde helte. Cambuur kontrolearre en MVV koe net gefaarlik wurde. Oant de 65e minút. Doe gie Erik Schouten mei de bal ûnderút. Anthony van den Hurk pikte de bal op, joech breed op Joeri Schroijen en dy skeat de oanslutingstreffer binnen.

De spanning wie werom en it nivo fan Cambuur waard ek minder. Tsien minuten nei de 2-1 wie Van den Hurk sels ticht by de lykmakker, mar dat koe Sonny Stevens foarkomme. Dat wie de grutste kâns foar de ploech út Maastricht. En dus hold Cambuur de trije punten yn Ljouwert.

Konkurrinsje spilet letter

De trije ploegen dy't Cambuur efterfolgje yn de top fan de earste difyzje komme moandei pas yn aksje. Dan giet it om Jong Ajax, Volendam en De Graafschap. Takom wike spilet Cambuur de útwedstriid tsjin Almere City.

SC Cambuur - MVV 2-1 (2-0) 17. Robert Mühren 1-0 (strafskop), 19. Robert Mühren 2-0, 65. Joeri Schroijen 2-1

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Van Ewijk, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Hoedemakers, Breij (78/McEachran), Maulun (90+4/Van der Kaap); Antonia, Mühren, Oratmangoen (77/Korte)

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal MVV
(advertinsje)
(advertinsje)