Persoanlik rekôr foar Letitia de Jong op 1000 meter yn Calgary

07 feb 2020 - 21:43

Letitia de Jong is freed achtste wurden op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Calgary. De reedrydster út Feanwâlden sette in tiid del fan 1.13,29. Dat is in persoanlik rekôr. Ireen Wüst waard tsiende yn 1.13,58.

Letitia de Jong (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

De winst yn Kanada wie foar Nao Kodaira. De Japanske ried 1.12,65. Dêrmei wie se 0,15 rapper as Olga Fatkulina út Ruslân. Ek it brûns wie foar in Russyske: Yekaterina Shikhova sette in tiid del fan 1.12,84.

Earder op freed waard Jesper Hospes tredde yn de B-groep op de 500 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)