Hearrenfeanfroulju winne fan Excelsior Barendrecht troch twa goals nei it skoft

07 feb 2020 - 21:39

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe de earste wedstriid fan 2020 wûn fan Excelsior Barendrecht. Op sportpark Skoatterwâld waard it, yn in wedstriid dêr't net al te folle yn barde, 2-0 foar de thúsploech. Hearrenfean stiet no op it tredde plak yn de earedifyzje.

Williënne ter Beek (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de begjinfaze fan it earste bedriuw wie it ôftaasten foar beide ploegen. Der wienen fan beide kanten net in protte kânsen en beide ploegen wisten inoar goed te kontrolearjen. Pas sa'n fiif minuten foar rêst kamen de earste kânsen foar de thúsploech. Tiny Hoekstra slingere de bal foar, mar Noah Waterham kaam krekt te koart om de foarset te fersulverjen. Ek in goed ôfstânsskot fan Jill Bayings koe it de stân op it skoareboerd net feroarje: de keepster fan de besikers koe de bal fia de fingerseinen keare.

Ter Beek wichtich

Nei it skoft barde der mear op sportpark Skoatterwâld. De ploegen wienen krekt begûn oan de twadde helte of de brilstân koe feroare wurde yn in 1-0 foarsprong foar de thúsploech. Hoekstra skeat de bal op de latte, wêrnei't de rebound net dreech wie foar Williënne ter Beek. Pas yn de einfaze fan de wedstriid wist de thúsploech de wedstriid yn it slot te smiten. Zoï van de Ven skeat nei goed tariedend wurk fan Ter Beek de 2-0 tsjin de touwen.

(advertinsje)
(advertinsje)