Jesper Hospes tredde yn B-groep by wrâldbeker yn Calgary

07 feb 2020 - 20:47

Reedrider Jesper Hospes is by de wrâldbekerwedstriid yn Calgary tredde wurden yn de B-groep. De Feanster sette in tiid del fan 34,71. It is de earste wrâldbekerwedstriid foar Hospes dit seizoen.

Artur Nogal, Daichi Yamanata en Jesper Hospes - Foto: Martin de Jong Fotografie

De winst yn de B-groep gong nei de Japanner Daichi Yamanaka mei 34,24. Dat wie in persoanlik rekôr. Ek de Poal Artur Nogal wie mei 34,64 rapper as Hospes. Foar Nogal wie dat ek in persoanlik rekôr. Hospes syn persoanlike rekôr is 34,50. Dat sette er yn novimber 2013 del yn Calgary.

Yn de A-groep gie de winst nei Ruslan Murashov yn 34,04. Ek de twa oare poadiumplakken giene nei Ruslân: wrâldrekôrhâlder Pavel Kulizhnikov waard twadde yn 34,05 en Viktor Mushtakov tredde yn 34,07.

Letter is Douwe de Vries op de 1.500 meter yn de B-groep yn Calgary tredde wurden. Hy moast Connor Howe boppe him litte en op it earste plak einige Koen Verweij.

(advertinsje)
(advertinsje)