Goed twa jier sel foar Slowaak nei ferkrêfting op It Amelân

In 34-jierrige man út Slowakije is feroardiele ta 26 moanne sel omdat er ferline jier in frou ferkrêfte hat op It Amelân. Dat barde yn de nacht fan 31 maaie yn in sleat op it eilân.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte wurke by in fytsferhierder op It Amelân. Hy hie oanbean om it slachtoffer nei hûs te bringen, nei in besite oan in diskoteek yn Nes. De frou siet op in camping. Se wie noch mar in pear dagen op it eilân en koe de rûte noch net goed. Se die seizoenswurk yn de hoareka.

Man 'wist fan neat'

Underweis helle de fertochte de frou fan de fyts en treau er har yn in drûge sleat, dêr't er har ferkrêfte. De frou raasde en fersette har. De fertochte hie yn earste ynstânsje tsjin de plysje sein dat er der neat mear fan wist. Doe't er te hearren krige dat der DNA fan him op it lichem fan de frou fûn wie, sei er dat it gong om 'spontane' en frijwillige seks. Dat leaude de rjochtbank net.
De frou is slim traumatisearre troch de ferkrêfting. Se is ûnder behanneling by in psycholooch. De man moat har 5.000 euro smertejild betelje en dêrnjonken ek nochris 11.000 euro, ûnder oare omdat de frou fertraging mei har stúdzje oprûn hat.