Stop op oanlis sinneparken yn Fryslân driget: "Spanning loopt hoog op"

07 feb 2020 - 19:42

Der driget in stop op de oanlis fan sinneparken yn Fryslân. It elektrisiteitsnet sit fol en plannen foar nije parken steane faai. Netbeheerder Liander fynt dat der regionale stjoering komme moat.

It bedriuw GroenLeven leit in protte sinneparken oan. "We zijn bezig met zo'n vijftig grote projecten", seit direkteur Roland Pechtold. "Een derde daarvan staat onder risico. In Nij Beets en Oudehaske bijvoorbeeld, daar bouwen we een drijvend systeem met zonneparken. De spanning loopt daar hoog op."

Yn ús provinsje binne dêrnjonken tsientallen enerzjykoöperaasjes. Sa hat Garyp in sinnepark op it stoart, It Amelân ien by it fleanfjild en yn Wynjewâld komt der ek in sinnepark. Mar de plannen yn Wynjewâld om foar nochris 5 megawatt op dakken te lizzen, kinne foarearst net trochgean.

Het lijkt erop dat wij de komende vijf jaar op slot zitten. Daar gaat onze ambitie.

Jac Pluis fan de stichting Wijnjewoude Energie Neutraal

"Dat betekent dus dat wij de zonnedaken - die we hier willen ontwikkelen - waarschijnlijk niet aan kunnen sluiten", seit Jac Pluis fan de stichting Wijnjewoude Energie Neutraal. "Het lijkt erop dat wij de komende vijf jaar op slot zitten. Daar gaat onze ambitie. Dat is heel wrang. Wij doen het als corporatie voor het dorp."

Liander leit in nij, swierder net oan yn Fryslân. De netbehearder leit 600 kilometer kabel oan, mar dat is noch hieltyd net genôch foar de takomst. It probleem foar de netbehearders is dat sy net witte wêr't de plannen komme, want der is gjinien oerheid dy't de rezjy hat.

Oprop ta regionale stjoering

"Het aanleggen van een zonnepark kan zó snel, zodra je een stuk grond of een dak hebt", seit Roelof Potters fan Liander. "Dat past niet bij de snelheid waarmee een elektriciteitsnet gebouwd kan worden. Die twee zaken moeten bij elkaar komen. Dat kan alleen als de provincie en de gemeente heel concreet gaan sturen. Als wij lang genoeg van tevoren weten waar iets wordt gebouwd, dan kunnen wij ervoor zorgen dat het net er ligt."

Deputearre Sietske Poepjes neamt de oprop terjochte. "We lústerje dêrnei", seit se. "Mar it is ek saak om te witten dat Den Haag hjir ek in rol yn hat. De provinsje kin net alles nei har hân sette, Den Haag moat dêr tastimming foar jaan."

Miljoenen oan subsydzjes driigje te ferfallen

Der is wol haast by in bettere wurkwize: as in park net op tiid oanlein wurdt en yn produksje komt, dan ferfalt de subsydzje. Dêrby giet it geregeld om miljoenen. Sa hat it sinnepark by Easterwâlde in maksimale subsydzje fan 64 miljoen euro.

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Dieuwke Kroese makke in dokumintêre oer de sinneparken

De Fryslân DOK: Ljocht en skaad oer it sinnepark is te sjen op sneon 8 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling). Omrop Fryslân stjoert de film út op snein 9 febrewaris, fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).

(advertinsje)
(advertinsje)