Iris Noordzij fan Raerd roeit fan Kanaryske eilannen nei Karibysk Gebiet

07 feb 2020 - 18:57

Roeie fan de Kanaryske eilannen nei it Karibysk Gebiet, en dat dan ek noch yn wedstriidfoarm. Iris Noordzij fan Raerd sil dat yn desimber mei trije oare roeisters besykje. Noordzij en dy dogge nammentlik mei oan de Atlantic Challenge. En dat dogge se foar in goed doel: jild ophelje foar ûndersyk nei hertkwalen by froulju.

"It is in tocht fan hast 5.000 kilometer. Alle dagen en nachten giet dat troch", seit de Fryske roeister. Se tinke der tusken de 40 en 60 dagen oer te dwaan, en dan komme se gjinien kear oan de wâl. "We nimme friesdrûge iten mei foar alle dagen en dat kinne we dan oanlingje mei wetter." It wetter hoege se net mei te nimmen. "Dat moatte we sels meitsje. We ha in wettermakker mei oan board dy't fan sâlt wetter swiet wetter meitsje sil."

Foto: Atlantic Dutchesses

De froulju hoopje mei de roeitocht jild op te heljen foar ûndersyk nei hertkwalen by froulju. "We ha ús ferbûn oan in ûndersyksteam fan de Universiteit yn Utrecht. Al it jild dat we ophelje giet nei dat team", seit Noordzij. "Elke dei stjerre noch hieltyd 57 froulju oan hertkwalen yn Nederlân en dat moat oars."

De froulju hawwe ek noch in oar doel. "We wolle as earste frouljusteam oan de oerside komme. We tinke dat dat mooglik is", seit Noordzij.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw seach by de boat fan Noordzij

(advertinsje)
(advertinsje)