Sven Roes sterk by debút op wrâldbeker shorttrack

07 feb 2020 - 18:28

Shorttracker Sven Roes út Gytsjerk is freed sterk debutearre op de wrâldbeker. De 20-jierrige Nederlânsk kampioen wûn yn Dresden syn kwartfinale op ien fan de de twa 1500 meters. Dêrmei pleatste er him foar de heale finale.

Sven Roes (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

De measte Friezen dy't freed yn aksje kamen yn de foarrondes hiene in prima dei. Njonken Roes einige ek Itzhak de Laat as earste yn syn kwartfinale op de 1500 meter. Letter op de dei diene Roes en Daan Breeuwsma mei oan de twadde 1500 meter. Dat wie gjin sukses: Roes waard twadde yn syn race, net genôch foar de heale finale. Breeuwsma krige in straf.

By de froulju giene Suzanne Schulting en Rianne de Vries wol nei de heale finale. Schulting wûn har rit, De Vries hie genôch oan it twadde plak.

Friezen troch op 500 en 1000 meter

Op de 500 meter wiene Rianne de Vries en Itzhak de Laat de iennige Friezen dy't yn aksje kamen. De Vries waard wer twadde en De Laat wer earste. Yn beide gefallen wie dat genôch om troch te gean nei de kwartfinale. Op de 1000 meter pleatsten Schulting (1e) en Breeuwsma (2e) harren ek foar de kwartfinale.

Efterfolgingsploegen ek troch

Alle efterfolgingsploegen pleatsten har freed foar de heale finale. Op de mingde efterfolging waard Nederlân earste yn de kwartfinale. By de manlju en froulju waard Nederlân twadde, yn beide gefallen ek genôch om troch te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)