Boot Holland set yn op bern en fiskers

07 feb 2020 - 17:32

Yn Ljouwert is freedtemoarn úteinset mei de 30ste edysje fan de beurs Boot Holland. De wettersportbeurs wol dit jier ekstra ynsette op jongeren en alternative wettersporten.

Yn de beurshallen fan it WTC Expo yn Ljouwert stiet dizze dagen in grut ferskaat oan boaten. Fan lytse rubberboaten oant grutte jachten. Tradisjoneel is Boot Holland in beurs foar benammen stielen boaten, mar der is dit jier ek omtinken foar de lytsere wettersporten, lykas it standup-peddeljen en it wynsurfen.

Jongere beursgongers better belûke

"Dit zijn zeer populaire sporten", fertelt beursmanager Gerda Brouwer. "Veel boten hebben speciale plateaus voor deze activiteiten." De SUP-stands soene neffens de organisaasje de jongere beursgongers belûke kinne by de wettersport, sa't se letter makliker ek ynteresse krije foar de gruttere boaten.

Njonken omtinken foar de jeugd hat de beurs dit jier de fokus op fossylfrij farren. Dit is in trend dy't al jierrenlang geande is, en de lêste tiid hieltyd yntinsiver wurdt. Krekt lykas it sportfiskjen. Ek dizze groep hat dit jier in spesjaal plakje krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)