Aksjegroep tsjin Swarte Pyt krijt gjin better demonstraasjeplak by yntocht Sint Piter

07 feb 2020 - 17:05

Aksjegroep Kick Out Zwarte Piet krijt sneon gjin oar plak om te demonstrearjen by de yntocht fan Sint Piter yn Grou. Dat hat de rjochter bepaald. De aksjefierders hiene in koart pleit oanspand, omdat se net tefreden wiene mei it plak dat se fan de gemeente oanwiisd krigen hiene.

Jerry Afriyie fan Kick Out Zwarte Piet by it koart pleit - Foto: ANP

De aksjegroep seit dat se net goed sichtber binne op it plak dat de gemeente se oanwiisd hat. De aksjefierders woene it leafst op de kade stean dêr't Sint Piter sneon oankomt, mar de gemeente hie in plak oanwiisd oan de oare kant fan it wetter.

"Wij waaiden zowat het weiland weer uit"

Foarich jier stiene de aksjefierders op datselde plak. Neffens boargemaster Buma fan Ljouwert wie dat in goed plak. Kelder is it dêr net mei iens: "Wij vinden dat wij vorig jaar niét goed zichtbaar en hoorbaar waren. Wij waaiden zowat het weiland weer uit."

"Die plek is niet in het dorp, maar aan de andere kant van het kanaal in een weiland. Moeilijk zichtbaar en moeilijk hoorbaar en dus makkelijk te negeren", sei Rob Kelder fan Kick Out Zwarte Piet tongersdei yn it radioprogramma Weistra op wei.

De yntocht fan Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De alternative plakken dy't Kick Out Zwarte Piet foarstelde moatte neffens de gemeente frijbliuwe omdat it in kalamiteiterûte is. De rjochter gie dêryn mei, om't oars de feiligens fan sawol de demonstranten as de ynwenners fan Grou net garandearre wurde kin.

Gemeente ferwachtet tsjindemonstraasje

Neffens gemeentejurist Suzanne Scholten ferwachtet de gemeente Ljouwert in tsjindemonstraasje. Dêr is gjin oanfraach foar dien, mar út in sosjale media-analyze hat de plysje der wol sinjalen fan krigen.

Rjochtbankferslachjouwer Laura Smit oer de útspraak

(Advertinsje)
(Advertinsje)