Snein koade giel fanwege stoarm Ciara, oerheden nimme maatregels

07 feb 2020 - 20:05

Ferskate Fryske oerheden nimme previntive maatregels foar de stoarm Ciara, dy't snein oer Fryslân komme sil. Der wurdt in soad rein, heechwetter en hurde wynstjitten ferwachte. It KNMI kundiget snein fan 10.00 oant 17.00 oere koade giel ôf.

Foto: Omrop Fryslân

Wetterskip Fryslân slút sneontemiddei de slûzen by Goaiïngaryp en De Broek, wêrtroch't de wetterstân leger wurdt. Sa kin der snein mear reinwetter opfongen wurde. Mooglik folgje der letter noch oare maatregels.

Eilannen

De gemeente Skylge advisearret om snein net op it haventerrein of oan de Willem Barentszkade te parkearjen. Op It Amelân kin de feardaam ûnder wetter komme te stean, dêrom wurde auto's dêr fuortsleept.

Rederij Wagenborg hat de wettertaksys fan en nei Skiermûntseach en It Amelân út de tsjinst helle. Ek moandei ferfalle ferskate ôffearten.

Rederij Doeksen meldt dat der mooglik ôffearten fan en nei Flylân en Skylge annulearre wurde. Sy nimme dêr sneontemoarn in beslissing oer.

(advertinsje)
(advertinsje)