F-16's fan fleanbasis Ljouwert ûnderskeppe fleantúchje

F-16's fan de fleanbasis Ljouwert binne freedtemiddei yn aksje kaam fanwege in Cessna-fleantúchje dêr't gjin radiokontakt mei te krijen wie. De F-16's ha minutenlang neist it fleantúchje flein, oant de kommunikaasje it wer die.
© ANP
It fleantúchje wie ûnderweis nei Skotlân. De F-16's ha it begelaat oant it it Nederlânske loftrom út wie.
Dat strieljagers ynset wurde foar in Quick Reaction Alert gebeurt net faak, seit definsje. Twa jier lyn gebeurde it foar it lêst. Doe ûnderskepten twa Belgyske F16's twa Russyske bommewerpers boppe de Noardsee.