Ekstra spanning op Noardlike kuorbalderby

07 feb 2020 - 16:26

De kuorbalderby yn Nijeveen tusken DOS'46 en LDODK is altyd in beladen duel. Sneon stiet der noch mear druk op, want nei twa nederlagen op rige fan de Friezen is de foarsprong op de Drinten werombrocht oant noch mar twa punten. Beide ploegen ha de ambysje om yn de top-4 te einigjen en sa de play-offs te heljen. LDODK stiet no tredde mei 16 punten.

DOS'46 is sechsde mei 14 punten. Jan Jouke Flokstra (55) is assistint-trainer by LDODK, mar wie yn it ferline spiler én haadtrainer fan DOS'46. Hy nimt it no mei LDODK op tsjin syn âlde klup yn sporthal De Eendracht, dy't sneontejûn om acht oere it dekôr is fan in tige beladen 'Wedstriid fan de Wike'.

Ek ferline Mulder by DOS'46

Jan Jouke Flokstra en Henk Jan Mulder ha beide as spiler aktyf west by DOS'46. Ek ha se beide trainer west by Nic. út Grins. Se witte dus hoe't de noardlike derbys libje yn Grinslân, Drinte en Fryslân.

De sterkste fjouwer teams fan de Kuorbal League spylje yn de play-offs om de lânstitel. De finale is op 4 april yn Ahoy, Rotterdam.

DOS'46 - LDODK live by Omrop Fryslân

It duel DOS'46 tsjin LDODK begjint sneon om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de livestream en op de app.

It folsleine ynterview mei assistint-trainer Jan Jouke Flokstra fan LDODK:

Stân Kuorbal League nei 12 duels

Wedstriden Punten
1. PKC (Papendrecht) 12 18
2. TOP (Sassenheim) 12 17
3. LDODK 12 16
4. KZ (Koog aan de Zaan) 12 16
5. Fortuna (Delft) 12 16
6. DOS'46 (Nijeveen) 12 14
7. DVO (Bennekom) 12 13
8. Blauw Wit (Amsterdam) 12 6
9. Groen Geel (Wormer) 12 2
10. Tempo (Alphen aan den Rijn) 12 2
(advertinsje)
(advertinsje)