Mem ferdronken jonge op De Lemmer hâldt skoalle en swimbad ferantwurdlik

08 feb 2020 - 08:20

De mem fan de jonge dy't tongersdei yn it swimbad op De Lemmer ferdronken is, hâldt it swimbad en de skoalle fan har soan ferantwurdlik foar syn dea. Neffens har hat der te min each foar west dat de jonge net swimme koe en dat er noch kwalik Nederlânsk prate.

Foto: ProNews

De jonge (11) wie noch mar in pear moanne yn Nederlân, hy is berne yn Eritrea en wie noch mar krekt by syn mem, dy't as flechtling nei Nederlân kaam wie. Hy krige tongersdei syn earste swimles.

Neffens de mem soe der net genôch tafersjoch west ha en mocht sy fan de skoalle fan de jonge net mei nei it swimbad. Swimbad Ny Sudersé jout op advys fan de plysje gjin kommentaar. De skoalle is oant no ta net berikber foar kommentaar. De plysje ûndersiket wat der krekt gebeurd is. De plysje hat de ferklearring fan de mem ek en nimt dy mei yn it ûndersyk.

"Hij sprak geen Nederlands en Engels, dus hoe moet je communiceren?"

Abeba Birhanu is freondinne fan de mem en sy fertelt wat der tongersdei bard is: "Haar zoon ging te zwemmen, en eergisteren vertelde ze aan mij dat ze graag mee wilde naar de zwemles. Dat heeft ze aan de docent gevraagd, maar het mocht niet. Dat is wat ik gehoord heb."

It is in hertferskuorrend ferhaal foar har. "Hij was net gekomen, haar zoon was een week geleden ingeschreven op school. Hij spreekt geen Nederlands en Engels, dus hoe moet je communiceren met een zwemleraar? Daarom wilde ze ook graag mee."

Gjin swimbantsjes

Der binne noch in soad fragen foar de mem, jout Birhanu oan. "Wij hebben geen informatie, wij zijn daar niet geweest. Zijn moeder heeft het lichaam gezien, maar op z'n lichaam waren geen beschermende zwembandjes. Hoe kan dat, vraagt ze zich af. Dit incident is onverantwoord. Er is niet goed op hem gepast. Het gebeurt vaker dat kindjes verdrinken. Dat moet anders, dat moet veranderen."

Abeba Birhanu is freondinne fan de mem

(advertinsje)
(advertinsje)