Advokaat yn saak fermoarde Sineeske hierbaas: "Myn kliïnt wit neat"

De Sineeske man fan 26 jier dy't fertocht wurdt fan de moard op syn 73-jierrige hierbaas oan de Gerbrandywei yn Ljouwert, hat hielendal gjin oantinkens oan wat der bard is. Dat sei syn advokaat Peter Bonthuis freedtemiddei by in pro-formabehanneling fan de saak troch de rjochtbank.
Moard Sineeske hierbaas
De fertochte ûntkent ek dat hy wat mei de saak te krijen hat. De moard barde nei alle gedachten op 1 of 2 july ferline jier, yn de flat oan de Gerbrandywei yn Ljouwert. Neffens it Iepenbier Ministearje wie de fertochte út op it jild fan it slachtoffer.
Op de pro-formasitting frege de advokaat freed om in psychologysk en psychiatrysk ûndersyk, om helderheid te krijen oft de fertochte miskien in psygoaze hie op it stuit fan de moard. Dat soe mooglik ferklearje wêrom't er seit neat te witten fan wat der bard is. Ut it plysjeûndersyk ûntstiet it byld fan in agressive man, mar yn de ferhoaren liket hy alhiel net agressyf, seit Bonthuis.
© Kappers Media
De advokaat woe ek dêr mear oer witte, mar de rjochtbank giet dêr net yn mei. Ferline jier hat it Nederlands Instituut voor Forensische Psychiatrie en Psychologie sein dat der gjin oanlieding foar is en de rjochtbank fynt net dat der reden is om dêr no fan ôf te wiken.

Neibesteanden wolle nei Nederlân ta

No't der gjin ekstra psychologysk en psychiatrysk ûndersyk komt, kin de saak binnen no en trije moannen behannele wurde. Advokaat Ronald Spoelstra frege út namme fan de frou en de dochter fan it slachtoffer om dúdlikheid. De neibesteanden wolle graach foar de behanneling fan de saak oerkomme fan Sina nei Nederlân, sa sei hy.
By de behanneling fan de saak sil in Sineeske tolk nedich wêze, sa seit advokaat Bonthuis. As hy de saak mei syn kliïnt trochnimt kin dat wol yn Ingelsk: 'Dy taal behearst hy gelokkich goed.' De fertochte ferbliuwt op dit stuit yn Ter Apel, omdat hy yllegaal yn Nederlân is.
© Anton Kappers
De fertochte hierde op it stuit fan de moard ien fan de keamers fan it slachtoffer. Neffens it Iepenbier Ministearje is it ûndersyk nei him hielendal klear. Yn eardere sittingen is dúdlik wurden dat de fertochte nei de moard ynienen beskikking hie oer 5000 euro, wat it motyf foar de moard wêze soe. Op klean fan de fertochte is DNA fan it slachtoffer fûn. Tsjûgen hawwe ferklearre dat de fertochte nei de moard drok oan it skjinmeitsjen wie. De plysje hat ek oantoand dat hy koart nei de moard skjinmakspul oanskaft hat.

Skedel op ferskate plakken brutsen

De saak kaam oan it rôljen doe't de 73-jierrige hierbaas oan de Gerbrandywei yn Ljouwert in skoft net sjoen waard. De plysje gong doe it hûs yn en fûn it lichem fan it slachtoffer ûnder in steapel klean. Hy hie syn skedel op ferskate plakken brutsen. In oare hierder ferklearre dat hy heard hie dat der in stevige rûzje west hie yn it hûs fan it slachtoffer.