Seis jongeren oanholden om falsk jild yn Snits en Boalsert: "Skandalich dat it kin"

07 feb 2020 - 15:12

In learling fan de RSG Magister Alvinus yn Snits is betrape mei falsk jild. Hy bestelde it op de Sineeske webwinkel AliExpress. Doe't de skoalle derefter kaam, is de jonge fuortendaliks nei hûs ta stjoerd. Ek is de saak oanjûn by de plysje. Yn totaal binne der seis jongeren oanholden.

De jonge waard in oantal wike lyn betrape doe't hy mei falsk jild in itensbesoarger betelle. De ôfrûne tiid fûn de plysje mear falske biljetten. Yntusken binne seis minsken út Snits en Boalsert oanholden. It ûndersyk rint noch en de plysje ferwachtet noch mear minsken oan te hâlden.

De plysje hat lokale ûndernimmers ynformearre oer it falske jild en ropt elkenien op om skerp te wêzen as der mei kontant jild betelle wurdt.

Ernest Zinsmeyer fan de plysje oer de saak

Jild - Foto: Pixabay

800 euro foar 73 sint

It blykt hiel maklik te wêzen om falsk jild te keapjen. "Wy tochten, litte wy dat sels ek efkes besykje", fertelt ferslachjouwer Jeroen Boersma fan Omrop Fryslân. "Je geane nei AliExpress, sykje op 'euro bills'. En binnen fiif minuten hiene wy 800 euro besteld, foar 73 sint plus ferstjoerskosten. Noch in pear wiken wachtsje, dan ha wy 800 euro yn de hannen."

Herbert de Vries fan Vereniging Ondernemend Sneek

Herbert de Vries fan Vereniging Ondernemend Sneek makket him der soargen oer dat it jild sa maklik te krijen is. "It is skandalich dat it kin en dat dat allegear tastien wurdt. Dat is al in grutte soarch."

Hieltyd minder

Neffens De Vries komt it hieltyd minder foar dat der mei falsk jild betelle wurdt. "Ik tink dat dat yn ferhâlding hieltyd minder wurdt. Foarhinne hiene je der faker mei te meitsjen. Trochdat der hieltyd mear pind wurdt, is der hieltyd minder kontant jild yn de kassa."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma oer it ferfalske jild

(advertinsje)
(advertinsje)