Dronken sûnder rydbewiis ride

© Omrop Fryslân
De auto fan in 33-jierrige ynwenner fan Damwâld is yn beslach naam, omdat er sûnder jildich rydbewiis en mei te folle drank op achter it stjoer siet. De plysje seach de man yn Ljouwert riden en kontrôlearre him omdat er al faker yn 'e oertreding gien wie.
Bliken die dat er net ride mocht, omdat syn rydbewiis al earder ynnaam is. Boppedat hie er wer te folle dronken. Neist dat syn auto yn beslach naam is, hat de man ek in proses-ferbaal krige.