Gjin arbeidsmigranten yn Bitgummole: "Te grote impact op zo'n klein dorpje"

07 feb 2020 - 14:00

De komst fan 36 arbeidsmigranten soe in te grutte ympakt op Bitgummole ha. Dat seit foarsitter fan Pleatslik Belang Bitgummole Doeke de Jong. It doarp brocht in negatyf advys út oer it plan om arbeidsmigranten yn Groot Terhorne wenje te litten.

De eigeners fan Groot Terhorne kamen yn desimber ferline jier mei it plan om 36 arbeidsmigranten yn it pân ûnder te bringen. It eardere kafee en sealesintrum stiet al sûnt 2018 leech.

Neffens foarsitter fan Pleatslik Belang Bitgummole Doeke de Jong past sa'n grut tal arbeidsmigranten net yn it doarp. "Wij denken dat dat een te grote impact op zo'n klein dorpje heeft. Er is plek voor 36 arbeidsmigranten, dat is een beetje uit verhouding denken wij. Op zo'n plekje middenin het dorp, zullen er te weinig parkeerfaciliteiten zijn en de buren zitten er stijf tegenaan."

Fertsjinmodel

De Jong wit noch net wat der no mei it pân barre moat. "Wil je het dorp het pand behouden, dan zal er ook een verdienmodel opgezet moeten worden. In die zin was de invulling door arbeidsmigranten wel een casus waar van je denkt, daar haal je genoeg revenuën mee op om het pand in stand te houden."

Foarsitter fan Pleatslik Belang Bitgummole Doeke de Jong

Wethâlder Nel Haarsma fan gemeente Waadhoeke fynt it spitich dat it plan net trochgean kin. "Ik snap de ûngerêstens, mar ik wit ek út de praktyk út in oar doarp dat it hiel bot tafalle kin. It binne minsken dy't oerdeis oan it wurk binne. It is dus in ôfwaging, as dat pân wer beset is en minsken wenje en libje der gewoan, dan is der neat mis mei tink ik."

It advys fan it doarpsbelang is binend. Haarsma is net bang dat ek oare doarpen de komst fan arbeidsmigranten ôfwize. "Ik fyn it spitich dat it doarp seit, wy ha der reden foar dat wy it net wolle, mar it kin best wêze dat der yn oare doarpen wol draachflak is."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn petear mei wethâlder Nel Haarsma

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)