HEA! Rocke mei de Mexx-band

07 feb 2020 - 13:53

It siet der by Tineke Jansma al jong yn. Se song al op de legere skoalle en it is net mear fuortgien. Se is no 43 jier en sûnt trije jier sjongt se yn de rockband Mexx. Yn dizze band wurdt muzyk makke troch minsken mei in beheining. Op dit stuit wurdt der hurd oefene foar in optreden. Dat sil 8 en 9 febrewaris jûn wurde yn de Rinkelbom op It Hearrenfean. Tineke is slim siik en har grutte winsk wie om mei har band yn HEA! te kommen. Hjoed sil it heve!

(advertinsje)
(advertinsje)