Freedsmerk oer de natuer: "It is gewoan geldklopperij, dy hele natuer!"

07 feb 2020 - 13:31

It giet striemin mei de natuer yn Nederlân. Dat wie de skrikbaarlike konklúzje út in rapport fan it Wereld Natuur Fonds. De sifers, dy't tongersdei nei bûten kamen, sprekke fan de helte minder bisten op 'e heide en it boerelân. De measte besikers fan de freedsmerk lizze der lykwols net wekker fan, sa die bliken.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It falt wol wat ta hear, ik sjoch noch genôch fûgels!", sa wie ien fan de faak hearde reaksjes. In oar tocht sels dat der in lobby efter siet en melde dat yn ûnferfalske Ljouwerters: "Dy hele stikstof-rotsoai is allemaal onsin ècht waar. It is gewoan geldklopperij, dy hele natuur!"

Mear minsken hiene harren twivels oer de sifers. "Dy rapporten altyd, ik wit it net hear. Ik tink dat it wol tafalt." Fansels wiene der minsken dy't har wol soargen meitsje: "Dat Ingelsk raaigers dat je oeral sjogge, dat is it begjin fan de ferskraling en dan folget de rest fansels".

Eigen ferantwurdlikens

Ek de eigen ferantwurdlikens waard neamd: "Het is de mentaliteit van de mens die veranderd moet worden." In nochtere fêststelling kaam fan de beantsjeboer: "We kinne ús wol soargen meitsje, mar it draait úteinlik allegear om de ekonomy..."

De freedsmerk oer de tastân fan de natuer

Trefwurden: 
natuer freedsmerk
(advertinsje)
(advertinsje)