Sieta van Keimpema wint Vrouw in de Media Award Fryslân

07 feb 2020 - 13:30

Boerinne Sieta van Keimpema fan Nes krijt de Vrouw in de Media Award foar Fryslân. Van Keimpema hat har yn 2019 mei in rekôroantal stimmen fan 99 persint neffens de stimmers it bêste yn de media profilearre. Se wurdt priizge om har trochsettingsfermogen en passy foar de agraryske sektor.

Taalûndersiker by de Fryske Akademy Jelske Dijkstra fan Sint-Jabik einige mei 0,19 persint fan de stimmen op it twadde plak. Artistyk direkteur fan Stichting Brave New World Producties Claudia Woolgar fan Ljouwert krige 0,15 persint fan de stimmen en waard dêrmei tredde.

Froulike eksperts en rolmodellen

De Vrouw in de Media Award is in inisjatyf fan Mediaplatform Vaker in de Media en Sprekersbureau ZijSpreekt. Mei de award wolle de organisatoaren froulike eksperts en rolmodellen oanmoedigje om sichtber te wêzen yn de media en redaksjes oanmoedigje om harren faker dat poadium te bieden.

Foar de nominaasjes fan de regionale VIDM-award waard sjoen nei oanwêzigens yn de regionale media en/of nei rolmodellen dy't al wol yn de lanlike of fakmedia komme, mar faker op de radar fan de regionale media wêze meie.

Sieta van Keimpema - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Boerinne Sieta van Keimpema nimt it al jierren op foar boeren en de folgjende generaasjes. De foarsitter fan de Dutch Dairymen Board wurdt troch de stimmers sjoen as in topfertsjintwurdiger fan de agraryske sektor, dy't har net samar ûnder de tafel kletse lit. Neffens stimmers wit Van Keimpema wêr't se it oer hat en kin se dat op in goede, heldere manier dúdlik meitsje.

Priisútrikking

De útrikking fan de lanlike priis sil heve op woansdei 12 febrewaris by Instituut Beeld en Geluid yn Hilversum. Ek wurdt dêr in ympresje fan de útrikking fan de regionale awards fertoand. Alle priiswinners krije in byld makke troch keunstner Ellen Buchwaldt.

Foarich jier wie de winner stylynspirator Marcella Veldhuis-Andringa.

(advertinsje)
(advertinsje)