Jonge (11) ferstoarn nei reanimaasje by swimbad De Lemmer

07 feb 2020 - 13:21

De 11-jierrige jonge dy't tongersdei swierferwûne rekke yn swimbad Nij Sudersee op de Lemmer is ferstoarn. Dat hat de plysje befêstige.

Foto: ProNews

De jonge út Balk wie ûnder wetter rekke. Nei't oaren him dêr út helle hiene, is hy reanimearre en nei it sikehûs brocht, wêr't hy ferstoarn is. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

(advertinsje)
(advertinsje)