Roxeanne Hazes komt nei Befrijingsfestival Ljouwert

07 feb 2020 - 12:18

Sjongeres Roxeanne Hazes komt op 5 maaie nei it Befrijingsfesitval yn Ljouwert, as lanlike Ambassadeur van de Vrijheid. Dat hat it Nationaal Comité 4 en 5 mei freed bekend makke. Se is ien fan de fjouwer ambassadeurs. Der komt ek in Fryske ambassadeur. Wa't dat is, wurdt ynkoarten bekend makke.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Sûnt 1991 trede der op de Befrijingsfestivals Ambassadeurs van de Vrijheid op. Sy reizgje yn in helikopter by de fjirtjin lanlike festivals del en bringe dêr in spesjaal muzikaal boadskip.

Dat der dit jier fjouwer ambassadeurs binne, yn stee fan trije, is fanwege de feestlikheden om 75 jier befrijing hinne. Njonken Roxeanne Hazes giet it om rapper Snelle & de Lieve Jongens-band, dj's Lucas & Steve en dj-trio Kris Kross Amsterdam. Der komt ek in Fryske ambassadeur fan de frijheid, mar wa't dat is, is noch net bekend.

De Ambassadeurs van de Vrijheid 2020 - Foto: Nationaal Comité 4 en 5 mei

Yn de oanrin nei Befrijingsdei diele de Ambassadeurs van de Vrijheid persoanlike ferhalen oer frijheid en ûnfrijheid. Sa fertelt Roxeanne oer har Joadske beppe, fan wa't in grut diel fan de famylje yn de oarloch fermoarde is.

"Ik wilde alles over de oorlog weten, maar het maakte me tegelijkertijd ook verdrietig. Nu ik zelf moeder ben, krijgen oorlog en vrijheid weer een andere betekenis voor me", seit se.

(advertinsje)
(advertinsje)